Jansmabergum.nl 
op zoek naar betekenis 



Hoofdstuk 14. Wiemer Okkes Jansma en Bartje de Boer uit Suamar. 








































Okke 21-10-2012

"Ah Goeie Sytie c.s.,
Tank foar de Eastermarder Alde Skoalle foto fan 1912 - 100 jier lyn hast net te leauwen he.
Ik hie dizze foto ek al hear en nog folle mear fan de Alde Skoalle.
Learlingen 6,7, 15, 16, 17 wienen 4 bruorren fan us heit en syn 3de suster Catharina.
Omke Jan en us Heit sieten doe nog net op skoalle en Thys kaam op in dei thus fan skoalle en sei - moarn is der in skoalle foto en der moatte wy allegearre by op.
Sadwaande hat Catharina doe us heit en omke Jan, mei harren 3 oare bruorren - Thys, Tjitze en Jacob nei skoalle brocht.
Catharina wie doe al fan skoalle of en holp beppe Rixt wat yn de hushalding.
Harren aldste sibbels Antje en Frietsen tsjinnen doe al by de boer yn it Wergeaster Leechlan en yn Idaard.
Sa hat us heit dit ferhaaltsje us, as bern ferteld.
Ik ha der in protte minsken fan kint hear en learlingen 18, 28, 29 en 30 binne allegearre nei Canada emigrearre.
In jongere broer fan dizze Reitsma Johannes ( krekt like ald as us heit) en in grutte freon fan us heit is syn sibbels yn 1928 neigien.
Us heit en Johannes soenen tegearre emigrearje mar pake Okke woe de papieren doe net tekenje.
Johannes wie bakkersfeint yn Eastermar by Louw van der Veer en is letter ek bakker west yn Vancouver mar wurke earst as houtkapper der yn de grutte bosken.
Hij is yn 1951 werom west yn Fryslan - syn mem libbe doe ek nog mar mocht net nei Canada emigrearje omt se in soan Bouwe hie en dat wie in Down Syndroom man.
Hja wie ek al gau widdow en nea wer trouwt.
He, ik ha suver de trienen yn de eagen as ik oan dat leave alde minske tink - sa faak der by har yn dat sukerskjinne huske west yn de buorren der en altiten wer sei - och leave lyts Okke fan Wiemer Okkes bist der al wer jonge.
Se prate ek oer har bern yn Canada en hoe se yn de oarlochs jierren niks fan se hearden en oarsom ek fansels - in swier libben hat se han mar dochs nea har minskens ferlern.
Har soan Bouwe wie ek sa goed as bole en wjerkind my ek ut de fjirte as hij mei syn skile karre by de minsken lans gong om de jirpel skilen op te heljen foar syn geitsjes.
Doe alde frou Reitsma ferstoar moast Bouwe nei in ynrjochting yn Sudlaren - he ju wat in ellende ek mei dy stakker - hij koe it der net fine en is eins weikwynt dere mar doe siet ik ak al yn Australie."


















Ek nog in foto ut 1920 fan de Eastermarder Alde Skoalle - sjochst it ferskil wol tusken 1912 en 1920 - der siet yn 1920 nog wol ris in dubeltsje tusken de sinten he.

Us heit wie doe 13 jier en numer 20 wie it mantsje.
It koeke gat dy my hjoed goed sear en sei tsjin Jan - wy geane de natoer wat yn en ha in soad moaie planten wer fun en op de Inverleigh en ek de Bannockburn Common stjonkt it fan de orchideen.
Lytse blomkes mar sa moai en hjir ek ien fan in dobbe mei moaie red gums.

Samar foar no tink leave - nuver wat je dan sa ek wer troch de holle spielt - alles komt wer boppe, it moaie en it tryste 
Films draaie my troch de kop oer safolle wat west hat en nea werom komme sil.
Yn 1959 moete ik yn it binnenlan hjir in hiele alde aborigine en dy sei ek tsjin - dat hij de drager fan de tradysjes fan syn stam wie en dat net ien der ynteressearre wie.
Ferdomme ik bin dat byld fan dy alde stakker noait wer kwyt rekke.
Bytiden tink ik ek wol ris - ik koe ek wol sa'n soarte minske weze kinne want net ien fan myn sibbels, bern of bernsbern hat der belang by.
Such is life.

























































Wiemer Jansma, 4-10-1929



















Wiemer Jansma 9-8-1929