Jansmabergum.nl 

op zoek naar betekenis 

 






Okke Tijsses Jansma en Rixt Douma


















Kinderen van Okke en Richtje/Rixt Douma:

1. Antje Okkes Jansma, geboren in 1893

2. Frietzen  Okkes Jansma ,1896

3. Catharina  Okkes Jansma, 1896

4. Tijs Okkes Jansma, 1899-1966

5. Jacob Okkes Jansma, 1902

6. Tjitze Okkes Jansma, 1905

7. Jan Okkes Jansma, 1907

8. Wiemer Okkes Jansma, 1907



























Buurt Oostermeer/Eastermar. Zo te zien is de foto een grote belevenis.. en gemaakt rond 1920? De volgende foto is hetzelfde dorp. 

























Okke: 28-2-2012

Ik ha ek in protte wurk dien oer de Hoeksma stambeam fan myn beppe Rixt, heit syn mem allegearre ut Surhusterfean ensa – ek tige nijsgjirrich.
Minne tiden der ek yn de feanfjilden, stille kroegen, overspel, messestekkerij, en earmoed – gjin wunder dat Domela Nieuwenhuis der sa’n grutte oanhang hie en ek grutte striders foar sosjaal rjocht fuotbrocht ha.
Us heit hat wol dunse op de harmonica muzyk fam Eije Wykstr, dyt letter in boskje plysjes deasketten hat omt hij in trouwde frou yn hus helle hie en dat mocht net he.
Heit sei altiten dat Eije eins ek net in minne fint wie – mar it hat him yn de kop slein tink, net ien mar 4 plysjes oan de doar te hawwen om de frou wer nei har man te bringen.
Leafde hat in protte slachtoffers feroarsake en hjoed de dei no hear.
Letter ek wat mear oer de 1ste pakes en beppes fan us.
 
Hjoed noflik de hiele dei allinnich yn myn hokje ombarge – hearlik hear – der is frede, en rest.




Okke 1-3-2012

"It wienen gjin Hoekstras hear mar Hoeksmas dy famylej fan myn beppe Rixt, mar der binne trouwens ek genoch fan.






















Okke: 5-4-2012

'Sa fun ik ookerdeis ek de foto fan ir gref fan in suster fan myn oerpake Jacob Wiemers Hoeksma – Hiskje en har man Haring Land op it Surhusterfeanster tsjerkhof.
Ik seach sa ek wat der op dy stein stie en doe wer wat neipluzje en sa kaam ik terjochte by dit website oer graf poezie.
Tige nijsgjriich Sytie en sokke moaie oanfollingen by in stambeam eins, it fersiert de famylje skiednis en sa wurd it dan net it rige fan minsken dyt allinnich mar thus hearre yn – The Hatched – Matched and Dispatched Category".
 

http://www.dodenakkers.nl/grafpoezie/kerkhoven-en-begraafplaatsen/56-surhuisterveen.html




Okke 21-12-2012 'in bewiis fan klimaatsferoaring"

'Myn beppe Rixt, silliger hie idn dyt nog alder wei, der siet gjin krus yn – Twa boksen en in ban.
Skitterend underguod foar de frouljy dyt yn’t fjild wurken ensa, gjin broek struperij en koest de saak samar bruze litte".

















Okke 10-5-1998 aan zijn zuster: 

DE RINTENIER SYN FIETS.          

                                     

                                               OKKE JANSMA.

 

"Okkerdeis moast ik myn aldste pakesizzer Jessica nei skoalle bringe en der op it skoallehiem wienen de bern oan it boartsjen – alderwetske spultsjes – knikkertsje, touwtsjespringe, hinkje en balje. Ik waard der gewoan stil fan dat wer sa te sjen en gie der restich by sitten om de de berne wille sa efkes yn my op te nimmen. Jessica kaam nei my ta en frege werom bliuwt pake hjir sitten. Ik sei “ Leave it is krekt as wie ik wer in jonkje fan 11 jier op it skoallehiem fan myn alde iepenbiere skoalle yn Sumar.”

                                              

It wie yn de neisimmer fan 1948, de rite fan knikertsjen wie krekt foarbij en de hoepels kamen no wer oan bod. Ik hie myn moaie stielen hoepel ek al  wer ut it hokje helle, gled  skjirre en wer in nije hoepelstok makke mei in kreaze knop en in groef yn ien ein sadat ik de hoepel der oan de sydkant en ek der achteroan mei jeie koe.

Hinkie fan Sibe Tiet ( van der Meer), Gjalt fan Wopke Anne ( van der Berg) en Frans fan Martens Wieke( Holwerda) en ik  hienen de juns al ofpraat dat wy soenen de oare moarns mei de hoepels nei skoalle en sa is it ek gien. Fjouwer grutte stielen hoepels stuiten dy moarns sjongend oer de dyk en us klompkes klepten der efteroan – wy fielden us ryk.

 

Wij kamen de middeis ut skoalle, pakten us hoepels wer en op hus yn mei de muzyk fan bunzjend stiel op hurde bakstienen yn us earkes. Wy swaaiden de buorren yn, Gjalt, Hinkie en Frans wiene my krekt foarop, mar ik moast earst efkes by Geart Bos, de timmerman oan, Geart en syn feint Bram wienen mei de karrossery fan in bus foar Paulusma fan de Tieke oan’t bouwen en dat wie neffens my, in wunder. In grut Daf understel waard yn wiken omklaaid mei in geramt fan moai , op bansage ree makke ,hurdhout. Ik gie der eltse dei hinne en frege Bram en Geart fan alles oer hoe se dit of dat dienen. Geart wie wol ris wat koart, mar Bram hie wol tiid foar my. Ik tink sa no en dan ris werom oan Bram, want hy hat my al dy jierren ferlien fest in leafde foar hout meijun.

 

Wer mei myn hoepel de buorren del en ik helle in ald man yn op in moaie Burger fyts, ik hoepele my him de wei del en ik seach it wol wa’t wie en sei “Hoi Westerhof’’ , “ Hoi”, sei er freonlik werom , “ Du bist in jonkje fan Wiemer net”, “Ja , Westerhof, der ha jo gelyk oan”, alles sa freonlik en fatsoenlik lyk as wat , en gjin sein fan alles wat noch komme soe yn dy lange middei en jun. Ja en de pine dy’t it my oanbringe soe. Hawar, ik rin op’t ferhaal foarut en moat my ynhalde. “ Ik kin dyn pake wol”, sei de ald boer, hast glimkjend tsjin it hoepeljende blide jonkje, “ O, en wa is dat dan “, frege ik.” No, jonge dat is Marten Tiemens de Boer fan it Krols Loantsje yn Burgum, de baas fan it moalpakhus fan de stjonkfabryk en ek de man mei de beste griente tun yn us strjitte”. Ik wie wol sa bliid dat te hearren want dat wie myn Pake oan Memmekant en ik wie tige mal mei Pake Marten.

“ Ik koe dyn oare Pake folle better”, sei er. “ En wa wie dat dan”, frege de drok hoepeljende pakesizzer. “Okke Thysses Jansma fan de Malewei yn Eastermar ,de feekeapman”. Westerhof hie ferhipt al wer gelyk en ik wie wol sa bliid de namme fan myn, yn 1943 ferstoarne , Pake te hearren. Sa mar ynienen, hoepeljend troch de Sumarre buorren ,brusden de bylden en roken fan him my samar wer troch de holle.

 It wie krekt as wie der in frjemde kreft dy’t it doarke fan it kastke fan it ferline iepen dien hie, mei as code de wurden “ PAKE OKKE”. De triennen fan it 5 jier lang ferskule fertrtiet kamen sa mar wer boppe en ik seach myn Pake wer foar my stean. In, foar my doe, aldere rungeare man, mei in moaie holle under in swarte skipperspet , djippe blaugrize, restige eagen, in kalme stim en unferjitlike moaie, rumfellige hannen  Grutte brede tumen dy’t sa wis in piip folstopje koenen mei D.E. Heerenbaai tabak ut in punspude. Tumen en wiisfingers dy’t ek sa kreas de lange , reade, mei giele kop ,“ Zwaluw” lucifers oer de brune fosfor streekje koenen en de han hast wiuwend de piip oanstutste. Djip sugendje wangen lukten it fjur yn de tabak en grutte blaue wolken driuwden him om’e holle wylst Pake yn de grutte reiden stoel, syn bliere eagen oer it  lan , “ De Bile “ en de“Leijen” striele liet. De rook fan bargen, kei en skiep hinge suver oan Pake’s jas as medaljes. Hunebeistal kogjend kuierden Pake en ik faak by syn fee lans ,troch it lan en de alde paadsjes del en Pake hie alle nammen fan dy kampkes lan yn’e holle en wa’t der buorke en buorke hie. Ik miste de ald man sa bot en wie mar amper 7 jier, doe de wrede prostaat kanker him by us weiskuorde.

 

Ik wie der op’e dyk al hielendal wei rekke yn Pake mar waard ynienen wer nei de werklikheid ropt mei : “ Pas op dyn hoepel jonkje, aanst fljocht dat ding my yn de tsjillen”, warskoge Easger Westerhof. “ O, blinder dat moatte wy net ha Westerhof”, sei ik mei spyt yn myn stim. “ Ja, dyn Pake Okke wie in min apparaat,en dy hat my yn 1938 of sa goed bedrage mei in nustje bargen”, sei de ald man. De wurden sloegen my as in tongerslach yn de earen - soks hie ik noch noait heard oer myn Pake en ik koe en woe it ek net leauwe. Ik waard lilk dat sa’n man sokke minne dingen sizze koe tsjin in pakesizzer en dat myn Pake der net by wie on himsels te ferdigenjen. Mei in dikke klute yn’e strote krige ik der ut : “ Mar ha jo earst net jild frege want dat wie Pake syn manear fan dwaan”.”Jawis”,sei er.” Pake hat dus da fuortendaliks mei jo hantsje bakt?”, frege ik skruten. “ Ja, ja jonge sa is it gien”, andere Easger. “ No, dan binne jo in dikke kloat, dat jo, as boer de priis fan jo eigen fee net iens wisten , en dat jo al lyts tsien jier mei dy klute yn jo krop ompakt ha en dat sa mar op it boarst fan in jonkje smyt dy’t syn Pake wol folle langer on him hinne ha wolt hie”. “ Du hast in munige en smoarge bek foar in lyts jonkje”, en hy stinde de wurden hast ut. “ Myn mule kin ik skjin waskje, mar dy dikke domme kop ,der sitte jo oan fest, deune rotsak datst biste”. Sokke wurden wie my noch noait ut de mule rugele, mar der wie  ek noch  net ien west dyt sa praat hie oer ien fan myn leafsten en nijsten – myn Pake Okke.

“ Du bist krekt in ald roek dyt op in skerne stiet te aak-aakjen, du bist in man fan stront, du skytst it en du uterst it “, smiet ik der noch oerhinne. It wurd jo wie fuort – de rintenier hie myn respekt foar him sels fernielt.

 De ald boer  waard read om’kop en syn hannen begunen te triljen oan’t stjur en mei in heaze stim rop er dat ik krekt like min wie as myn Pake en my wol deaslaan koe. Ik wie hast ek al troch alles hinne fan lilkens en spuide de wurden him hast yn de earen : “ Prebearje dat dan mar ris alde sek datst biste – ik kin hurder hoepelje datst do fytse kinst mei dyn wrakke poaten.”

De koer yn de blaue bokse tilde fan it lange sadel of en de ald man soe los en my pakke tink, mar sa kaam it krekt net ut.  Wy wienen de buorren al ut en hast tsjinoer “ Smout en Smuk” en der hat Easger Westerhof, de rintenier boer fan’t Krols Loantsje, syn Waterloo fun.

De ald man stinde en hyme en helle my yn, ik joech myn hoepel in reis en it dounse de dyk del rjochting de hege bukehage fan Rinse Tinga. In wylde earm mei in han sa grut as in lod swaaide troch de loft, ik dukte krekt op’e tiid en wie bliid dat allinnich myn boskje hier mar rekke waard. Ik sette wer ut de ein en de speaken fan syn eftertsjil draaiden my as in twirre foar de eagen. Sunder der oan te tinken raamde ik myn hoepelstok yn’t tsjil en der wie de ynset  fan in film dy’t my yn slow motion foar de eachjes draaie soe. Sa’n tsien of tolve speaken en nippels skuorden ut de felling wei , mei in ping, ping, pang, pong, pung - hast in frijheids lied – de spanning fan it lange, op ofstan halden fan felling en  tuolle wie weiwurden. De ald boer bugde fier oer it stjur, en fjochte om op syn fiets te bliuwen. Syn  alderwetske 8-kantige pet, mei it knoopke der op, fleach him fan de kop en sylde  oer de dyk. De  lofterpoat skeat fan de traper of en in grutte giele kapklompe rattelde oer de hurde stienen en belanne yn in bosk brannettels, wylst in krumteannige foet, ferskule yn in hanbreiden, faak stoppe ,Jaeger sok, oer de strjitstienen skrabbe. “ Au!, Au!”, ale de ald man. De moaie glede swarte kettingkast wie al ynelkoar teart en der sakke de fyts ek al yn. “ Ho, ho”, raasde der en skuorde bot oan’t stjur as woe hy in op’e rin sleine happe ynhalde, mar it slagge him net – de fyts sakke troch en it efterspatbuord falde ek sa moai under de hast dubeltearde felling.

Doe kaam it moaiste byld dat ik ea sjoen ha op my ta – in mei swarte rutsjes beplakte reade binnenban pule ut de butenban wei as in grutte term ut in frjemd bist. Ynienen krige dy binnenban in hiele grutte pude, krekt lykas wy se wol seagen yn de untledene kadavers op de slachterij fan de stjonkfabryk. “Plof”,  sei de, hast trochskinende, reade bult, suver in juchgjalp as woe it sizze – “He ju wat bin ik bliid dat ik dy brut surrukende opparste lucht kwyt bin”.

Mei it barsten fan dy reade pude, wie Easger de swiertekreft fan us ierde ek net mear mans en kwakte mei de fernielde fyts tsjin de dyk, syn leste lud wie krekt in podde by us yn de dobbe op Bokke’s lan – aurk !!. De ferflokker fan myn pake lei heal bedobbe under syn eigen fyts, gjin pet, ien klomp, knibbels ut de bokse, jas heal oer de kop strupt en bloed oan beide hannen.

Ik waard kjel en bang wat ik mei myn hoepelstokje yn in heale minuut utfretten hie, mar oan de oare kant ek wol in bytsje bliid – ik hie ommers de eare fan myn Pake bewarre net, no derom. Ik pakte Easger’s pet op en soalde dy yn’t brannettel bosk – sa hie de giele klompe ek selskip.

Easger hat der in skoftsje tusken stien en stiel lein te klijen, mar ik stapte foldien de dyk  op wer’t Hindrik, Frans en Gjalt mei de hoepels yn’e han al op my stienen te wachtsjen en helle myn eigen hoepel ek ut Rinse’s hage. “O, god jonge dit koe ek net gekker wol, dit wurd jun in goed wan op’e bealch fan Wiemer”, sei Hindrik. Gjalt en Frans smieten ek noch in pear jirpels yn’e panne mei:” Okke, us Wopke sil him jun dealaitsje jonge hear, hy hat dy Easger ek noait lije mocht” en “ de lampe sil by jim jun wol nuver oer de tafel sweve as Wiemer dy by de kladden krijt”. Myn kammeraten hienen wol troch wat my der op it Skeanpaad stie te wachtsjen.

 

Ear’t wy wer mei de hoepels op’e gong soenen, kuiere Rinse Tinga fan’t hiem of  en Lou smit ( Wijma ) dukte under in hynder wei dy’t er mei oan it beslaan wie en beide mannen seagen de dyk del wer Easger wer oerein stinde. Rinse frege fuort al, “ Okke du hast hjir in nuvere fyt uthelle jonge, Wiemer sil jun wol in min sin ha tinkt my”. Lou wie ek net sa lokkich mei wat ik dien hie, “ moast it sa raar, dit rint alle spuigatten ut en om soks tsjin in ald man te dwaan hie ik wier net fan dy ferwachte , dy alde stakker hie der wol dea falle kint Okke”. Ik wie noch sa lilk as wat en moast my ynhalde want ik hie wol respekt foar dy alde mannen der op’e dyk en flokte ek noait tsjin Rinse en Lou.  want it wienen tsjerkse lju – Lou siet yn’t fjouwerkant fan de Herfoarme tsjerke en Rinse stapte der eltse Snein   ek trou hinne mei syn Tryntsje. Tryntsje siet altiten tusken de aldere froujlu yn’t tsjerke mar Rinse sie altiten op’e kreake, mei in protsje Sumarre boeren en der waarde faak mear oer fee en de Ljouwerter merke praat dan nei de preek fan Ds. de Vries lustere. Ik hearde dy ferhalen wol en ek harren snoarkjen ek as de preek wat langtrieddich wie, wylst ik it tsjerkeoargel pompte foar Koos fan Jasper Beits ( Huisman).

 

Der komt noch mear nei dit ferhaaal.

Ik tocht ik stjur dit earst mar en wat tinkst der fan – liket it wat of is’t yn’e war.

It Frysk skriuwen falt my net mei, want ik ha it ek nea leart op skoalle leave.

Skow my de skoat fol mei krityk en dat wit ik ek krekt wert ik bin Klas.

Tuut fan Gurbe Griemstra". 

                                



































Okke 15-9-2014

"Moarn Sytie,
Ik ha al jierren Baukje's wurk bewunder en hja hat my ek 2 bondels jun yn 2000 doe ik by har oan west ha yn Reduzem.
Ik wie gewoan wei fan dyn skitterende en sa tapaslike tekeningen by de gedichten - hiel moai dien Nina - se sil it nog fier skoppe mei dat talint fan har - hiel unyk by sa'n bondel.
Jawis Baukje har beppe Hendrikje Hoeksma wie in suster fan myn beppe Richtje, har pake Lolke Wytsma is ris in kear mei syn frachtwein by de trein opbotst tusken Reduzem en Idaard mar krekt net swier ferwun.
Baukje is ien fan de beste wurde smitten fan har tiid neffens my.
Ik soe ferline jier ek by har oan mar der is niks fan kaam miskien nog ris in oare kear - wer weisz ?"




Okke 15-9-2014

"Froeger hienen myn pake en beppe Okke Tysses Jansma en Richtje Douma ( Ynskreaun as – 'de buiten echtelijke dochter van Antje Wierds Douma en door Jacob Wiemers Hoeksma niet erkende Dochter').
Beppe wie in echte Hoeksma yn har antlit en dy stakker hat har hiele libben der tsjin stribbele want se skriuwde har sels ek wol ris Hoeksma.
Pake Japik is letter trouwt mei Antje Wierds Douma en Oebele, Wiemer ( us heit is nei him neamd), Wierd en Hendrikje wienen de bern ut dat houlik
Hindrikje trouwde letter mei Lolke Wytsam en der komt Baukje Wytsma – de skriuwer en dichter ek wer ut wei.
Oebele en Wierd binne nea trouwt en Oebele is ticht by it gref begroeven fan Rigtje Annes Douma, en Oebele hat nea in stien krigen – ferskriklik eins hear". 


      

Okke 9-11-2014

"Wat in ferrassing fa’n moarn – in jierdei winsk fan in trouwe alde freon Willem, de soan fan Jelke Wouda de molkerider fan de Lange Wyk, dyt my sa’n 74 –76 jier lyn altiten sa moai by myn lyts liifke pakte en sa heech troch de loft swaaide en myn njonken syn heit under kappe fan de molkwein del sette liet.
Wat in leave man dy Willem – it wie ek in held ut myn jonge jierren – ik wie 10/11 jier en Willem wie de menniste tsjinst wegerer.
Nuver dat ik doe al sokke sterke mieningen hie oer tsjinst ensa – der tankje ik us heit wol foar en master Durk van der Duim ek want dy hie my doe ek al de Max Havelaar leze litten.
 
Jelke mei syn restige stimme – der wiest al wer lytse Okke en heal bedobbe my dan under de hynste tekken en de grutte vos klipklopte ek restig troch nei de Malewei ta yn Eastermar wert beppe Rixt mei de hannen yn de siden en de tommen altiten nei foaren wer op my stie te wachtsjen.
Wer ut fan hus by myn leave Pake Okke en Beppe Rixt op de pleats – De Lytse Hoarnst tsjin de Leyen oan.
In doarke ut in fier ferline wer efkes iepen dien en ek mar gau wer ticht dien – it wie en is nog emoasjeneel foar my.
Ik woe dit dochs efkes mei dy diele leave.
Safolle meispilers foar ieuwig swijend mar dochs net dea – se libje ommers nog fuort yn myn oantinkens".


Okke 6-9-2015

"Moai dat der nog in S. Jansma op de Yntzeloane yn Mildam wennet. Dit moat numer 9 weze en as dat sa is dan is dat Sybren fan Fokke en Sjaan en de beppe sizzer fan Antje Okkes Jansma, de aldste dochter fan Okke Tysses Jansma en Rigtje Douma. Sybren is dus myn achterneef.


Okke 8-9-2015 (over de kleinzoon van de oudste dochter Antje Jansma)

"Fokke wie ek ien fan de earste KI mannen yn Frieslan en mei Eize Reitsma en Gerben Leenstra ha hie wat kij ynseminearre fan 1947 of op harren moterfytskes. Fokke en frou Sjaan wennen doe yn Balk njonken de grutte pleats fan Bosma en letter yn it Wergeaster Leechlan as masjinist op it poldergemaal wert hij sels ek berne wie en wert syn mem Antje Okke gek yn de holle waard der op de romte en stilte en ij Frentsjer brocht en der 2 jier letter yn Groot Lankum stoarn is – totaal gek yn de holle wie dy stakker.
In klap wert har aldste broer Tijs Okkes ( 1899) ek nea wer oerhinne kaam en swerver wurden – in ynleave man, mocht sa graag drank, koe skitterend mondorgel spylje, sjonge en ferhalen fertelle.
Hij wenne yn in ald hok yn de Hondensteeg yn Drachten doe ik op de HBS siet en sa faak mei him en by him sitten – in stapel alde sekken foar in bed en tekkens. Dochs leaf en oandachtig. Ik tink dat Syn omke Tjitze ek sa wie want Tieske sei wol ris – ik kin de wrald net oan Okke en it sit yn’t bloed leave jong – hehe ik de trienen fergeemje wer yn de eagen en in tryst falt my wer oer de skouders as ik oan myn omke Ries tink.
Yn 1966, hij siet doe oan de Langewyk by de Rotfalle , yn in hok by in cafe en wie Eastermar ta fyts en yn de kroeg en sa letter ut de kroeg stapt en tsjin in foarby ridende auto oan en fuort kroandea fansels.
Tieske is begroeven boppe syn heit en mem op it tsjerkhof op it Heechsan. Der lizze Tjitze en Taabke ek Catharina en Jan van der Kooy ek". 




De oudste zoon van Tjitse Okkes Jansma en Taabke van Dekken werd niet eens een jaar..