Jansmabergum.nl 

op zoek naar betekenis 






13. Okke Tijsses Jansma en Rixt Douma

Okke een veehandelaar te Eastermar, van gereformeerd naar Nederlands Hervormd. Rixt, dochter van Antje Wierds Douma (eerst niet erkend door Jacob Hoeksma, later zijn de ouders van Rixt getrouwd)


















Kinderen van Okke en Richtje/Rixt Douma:

1. Antje Okkes Jansma, geboren in 1893

2. Frietzen  Okkes Jansma ,1896

3. Catharina  Okkes Jansma, 1896 (zie verder)

4. Tijs Okkes Jansma, 1899-1966

5. Jacob Okkes Jansma, 1902

6. Tjitze Okkes Jansma, 1905

7. Jan Okkes Jansma, 1907

8. Wiemer Okkes Jansma, 1907 (vader van Okke).


Onderaan deze bladzijde in het kort meer over deze kinderen. 
















Buurt Oostermeer/Eastermar. Zo te zien is de foto een grote belevenis.. en gemaakt rond 1920? De volgende foto is hetzelfde dorp. 

















Okke: 28-2-2012

...'k ha ek in protte wurk dien oer de Hoeksma stambeam fan myn beppe Rixt, heit syn mem allegearre ut Surhusterfean ensa – ek tige nijsgjirrich.
Minne tiden der ek yn de feanfjilden, stille kroegen, overspel, messestekkerij, en earmoed – gjin wunder dat Domela Nieuwenhuis der sa’n grutte oanhang hie en ek grutte striders foar sosjaal rjocht fuotbrocht ha.
Us heit hat wol dunse op de harmonica muzyk fam Eije Wykstr, dyt letter in boskje plysjes deasketten hat omt hij in trouwde frou yn hus helle hie en dat mocht net he.
Heit sei altiten dat Eije eins ek net in minne fint wie – mar it hat him yn de kop slein tink, net ien mar 4 plysjes oan de doar te hawwen om de frou wer nei har man te bringen.
Leafde hat in protte slachtoffers feroarsake en hjoed de dei no hear.
Letter ek wat mear oer de 1ste pakes en beppes fan us.
 
Hjoed noflik de hiele dei allinnich yn myn hokje ombarge – hearlik hear – der is frede, en rest'...


Okke 1-3-2012

...'It wienen gjin Hoekstras hear mar Hoeksmas dy famylej fan myn beppe Rixt, mar der binne trouwens ek genoch fan'...






















Okke: 5-4-2012

...'Sa fun ik okkerdeis ek de foto fan ir gref fan in suster fan myn oerpake Jacob Wiemers Hoeksma – Hiskje en har man Haring Land op it Surhusterfeanster tsjerkhof.
Ik seach sa ek wat der op dy stein stie en doe wer wat neipluzje en sa kaam ik terjochte by dit website oer graf poezie.
Tige nijsgjriich Sytie en sokke moaie oanfollingen by in stambeam eins, it fersiert de famylje skiednis en sa wurd it dan net it rige fan minsken dyt allinnich mar thus hearre yn – The Hatched – Matched and Dispatched Category'...
 

http://www.dodenakkers.nl/grafpoezie/kerkhoven-en-begraafplaatsen/56-surhuisterveen.html


Okke 21-12-2012 'in bewiis fan klimaatsferoaring"

'Myn beppe Rixt, silliger hie idn dyt nog alder wei, der siet gjin krus yn – Twa boksen en in ban.
Skitterend underguod foar de frouljy dyt yn’t fjild wurken ensa, gjin broek struperij en koest de saak samar bruze litte".












Okke 10-5-1998 aan zijn zuster: 

DE RINTENIER SYN FIETS. OKKE JANSMA.


"Okkerdeis moast ik myn aldste pakesizzer Jessica nei skoalle bringe en der op it skoallehiem wienen de bern oan it boartsjen – alderwetske spultsjes – knikkertsje, touwtsjespringe, hinkje en balje. Ik waard der gewoan stil fan dat wer sa te sjen en gie der restich by sitten om de de berne wille sa efkes yn my op te nimmen. Jessica kaam nei my ta en frege werom bliuwt pake hjir sitten. Ik sei “ Leave it is krekt as wie ik wer in jonkje fan 11 jier op it skoallehiem fan myn alde iepenbiere skoalle yn Sumar.”

                                              

It wie yn de neisimmer fan 1948, de rite fan knikertsjen wie krekt foarbij en de hoepels kamen no wer oan bod. Ik hie myn moaie stielen hoepel ek al  wer ut it hokje helle, gled  skjirre en wer in nije hoepelstok makke mei in kreaze knop en in groef yn ien ein sadat ik de hoepel der oan de sydkant en ek der achteroan mei jeie koe.

Hinkie fan Sibe Tiet ( van der Meer), Gjalt fan Wopke Anne ( van der Berg) en Frans fan Martens Wieke( Holwerda) en ik  hienen de juns al ofpraat dat wy soenen de oare moarns mei de hoepels nei skoalle en sa is it ek gien. Fjouwer grutte stielen hoepels stuiten dy moarns sjongend oer de dyk en us klompkes klepten der efteroan – wy fielden us ryk.

 

Wij kamen de middeis ut skoalle, pakten us hoepels wer en op hus yn mei de muzyk fan bunzjend stiel op hurde bakstienen yn us earkes. Wy swaaiden de buorren yn, Gjalt, Hinkie en Frans wiene my krekt foarop, mar ik moast earst efkes by Geart Bos, de timmerman oan, Geart en syn feint Bram wienen mei de karrossery fan in bus foar Paulusma fan de Tieke oan’t bouwen en dat wie neffens my, in wunder. In grut Daf understel waard yn wiken omklaaid mei in geramt fan moai , op bansage ree makke ,hurdhout. Ik gie der eltse dei hinne en frege Bram en Geart fan alles oer hoe se dit of dat dienen. Geart wie wol ris wat koart, mar Bram hie wol tiid foar my. Ik tink sa no en dan ris werom oan Bram, want hy hat my al dy jierren ferlien fest in leafde foar hout meijun.

 

Wer mei myn hoepel de buorren del en ik helle in ald man yn op in moaie Burger fyts, ik hoepele my him de wei del en ik seach it wol wa’t wie en sei “Hoi Westerhof’’ , “ Hoi”, sei er freonlik werom , “ Du bist in jonkje fan Wiemer net”, “Ja , Westerhof, der ha jo gelyk oan”, alles sa freonlik en fatsoenlik lyk as wat , en gjin sein fan alles wat noch komme soe yn dy lange middei en jun. Ja en de pine dy’t it my oanbringe soe. Hawar, ik rin op’t ferhaal foarut en moat my ynhalde. “ Ik kin dyn pake wol”, sei de ald boer, hast glimkjend tsjin it hoepeljende blide jonkje, “ O, en wa is dat dan “, frege ik.” No, jonge dat is Marten Tiemens de Boer fan it Krols Loantsje yn Burgum, de baas fan it moalpakhus fan de stjonkfabryk en ek de man mei de beste griente tun yn us strjitte”. Ik wie wol sa bliid dat te hearren want dat wie myn Pake oan Memmekant en ik wie tige mal mei Pake Marten.

“ Ik koe dyn oare Pake folle better”, sei er. “ En wa wie dat dan”, frege de drok hoepeljende pakesizzer. “Okke Thysses Jansma fan de Malewei yn Eastermar ,de feekeapman”. Westerhof hie ferhipt al wer gelyk en ik wie wol sa bliid de namme fan myn, yn 1943 ferstoarne , Pake te hearren. Sa mar ynienen, hoepeljend troch de Sumarre buorren ,brusden de bylden en roken fan him my samar wer troch de holle.

 It wie krekt as wie der in frjemde kreft dy’t it doarke fan it kastke fan it ferline iepen dien hie, mei as code de wurden “ PAKE OKKE”. De triennen fan it 5 jier lang ferskule fertrtiet kamen sa mar wer boppe en ik seach myn Pake wer foar my stean. In, foar my doe, aldere rungeare man, mei in moaie holle under in swarte skipperspet , djippe blaugrize, restige eagen, in kalme stim en unferjitlike moaie, rumfellige hannen  Grutte brede tumen dy’t sa wis in piip folstopje koenen mei D.E. Heerenbaai tabak ut in punspude. Tumen en wiisfingers dy’t ek sa kreas de lange , reade, mei giele kop ,“ Zwaluw” lucifers oer de brune fosfor streekje koenen en de han hast wiuwend de piip oanstutste. Djip sugendje wangen lukten it fjur yn de tabak en grutte blaue wolken driuwden him om’e holle wylst Pake yn de grutte reiden stoel, syn bliere eagen oer it  lan , “ De Bile “ en de“Leijen” striele liet. De rook fan bargen, kei en skiep hinge suver oan Pake’s jas as medaljes. Hunebeistal kogjend kuierden Pake en ik faak by syn fee lans ,troch it lan en de alde paadsjes del en Pake hie alle nammen fan dy kampkes lan yn’e holle en wa’t der buorke en buorke hie. Ik miste de ald man sa bot en wie mar amper 7 jier, doe de wrede prostaat kanker him by us weiskuorde.

 

Ik wie der op’e dyk al hielendal wei rekke yn Pake mar waard ynienen wer nei de werklikheid ropt mei : “ Pas op dyn hoepel jonkje, aanst fljocht dat ding my yn de tsjillen”, warskoge Easger Westerhof. “ O, blinder dat moatte wy net ha Westerhof”, sei ik mei spyt yn myn stim. “ Ja, dyn Pake Okke wie in min apparaat,en dy hat my yn 1938 of sa goed bedrage mei in nustje bargen”, sei de ald man. De wurden sloegen my as in tongerslach yn de earen - soks hie ik noch noait heard oer myn Pake en ik koe en woe it ek net leauwe. Ik waard lilk dat sa’n man sokke minne dingen sizze koe tsjin in pakesizzer en dat myn Pake der net by wie on himsels te ferdigenjen. Mei in dikke klute yn’e strote krige ik der ut : “ Mar ha jo earst net jild frege want dat wie Pake syn manear fan dwaan”.”Jawis”,sei er.” Pake hat dus da fuortendaliks mei jo hantsje bakt?”, frege ik skruten. “ Ja, ja jonge sa is it gien”, andere Easger. “ No, dan binne jo in dikke kloat, dat jo, as boer de priis fan jo eigen fee net iens wisten , en dat jo al lyts tsien jier mei dy klute yn jo krop ompakt ha en dat sa mar op it boarst fan in jonkje smyt dy’t syn Pake wol folle langer on him hinne ha wolt hie”. “ Du hast in munige en smoarge bek foar in lyts jonkje”, en hy stinde de wurden hast ut. “ Myn mule kin ik skjin waskje, mar dy dikke domme kop ,der sitte jo oan fest, deune rotsak datst biste”. Sokke wurden wie my noch noait ut de mule rugele, mar der wie  ek noch  net ien west dyt sa praat hie oer ien fan myn leafsten en nijsten – myn Pake Okke.

“ Du bist krekt in ald roek dyt op in skerne stiet te aak-aakjen, du bist in man fan stront, du skytst it en du uterst it “, smiet ik der noch oerhinne. It wurd jo wie fuort – de rintenier hie myn respekt foar him sels fernielt.

 De ald boer  waard read om’kop en syn hannen begunen te triljen oan’t stjur en mei in heaze stim rop er dat ik krekt like min wie as myn Pake en my wol deaslaan koe. Ik wie hast ek al troch alles hinne fan lilkens en spuide de wurden him hast yn de earen : “ Prebearje dat dan mar ris alde sek datst biste – ik kin hurder hoepelje datst do fytse kinst mei dyn wrakke poaten.”

De koer yn de blaue bokse tilde fan it lange sadel of en de ald man soe los en my pakke tink, mar sa kaam it krekt net ut.  Wy wienen de buorren al ut en hast tsjinoer “ Smout en Smuk” en der hat Easger Westerhof, de rintenier boer fan’t Krols Loantsje, syn Waterloo fun.

De ald man stinde en hyme en helle my yn, ik joech myn hoepel in reis en it dounse de dyk del rjochting de hege bukehage fan Rinse Tinga. In wylde earm mei in han sa grut as in lod swaaide troch de loft, ik dukte krekt op’e tiid en wie bliid dat allinnich myn boskje hier mar rekke waard. Ik sette wer ut de ein en de speaken fan syn eftertsjil draaiden my as in twirre foar de eagen. Sunder der oan te tinken raamde ik myn hoepelstok yn’t tsjil en der wie de ynset  fan in film dy’t my yn slow motion foar de eachjes draaie soe. Sa’n tsien of tolve speaken en nippels skuorden ut de felling wei , mei in ping, ping, pang, pong, pung - hast in frijheids lied – de spanning fan it lange, op ofstan halden fan felling en  tuolle wie weiwurden. De ald boer bugde fier oer it stjur, en fjochte om op syn fiets te bliuwen. Syn  alderwetske 8-kantige pet, mei it knoopke der op, fleach him fan de kop en sylde  oer de dyk. De  lofterpoat skeat fan de traper of en in grutte giele kapklompe rattelde oer de hurde stienen en belanne yn in bosk brannettels, wylst in krumteannige foet, ferskule yn in hanbreiden, faak stoppe ,Jaeger sok, oer de strjitstienen skrabbe. “ Au!, Au!”, ale de ald man. De moaie glede swarte kettingkast wie al ynelkoar teart en der sakke de fyts ek al yn. “ Ho, ho”, raasde der en skuorde bot oan’t stjur as woe hy in op’e rin sleine happe ynhalde, mar it slagge him net – de fyts sakke troch en it efterspatbuord falde ek sa moai under de hast dubeltearde felling.

Doe kaam it moaiste byld dat ik ea sjoen ha op my ta – in mei swarte rutsjes beplakte reade binnenban pule ut de butenban wei as in grutte term ut in frjemd bist. Ynienen krige dy binnenban in hiele grutte pude, krekt lykas wy se wol seagen yn de untledene kadavers op de slachterij fan de stjonkfabryk. “Plof”,  sei de, hast trochskinende, reade bult, suver in juchgjalp as woe it sizze – “He ju wat bin ik bliid dat ik dy brut surrukende opparste lucht kwyt bin”.

Mei it barsten fan dy reade pude, wie Easger de swiertekreft fan us ierde ek net mear mans en kwakte mei de fernielde fyts tsjin de dyk, syn leste lud wie krekt in podde by us yn de dobbe op Bokke’s lan – aurk !!. De ferflokker fan myn pake lei heal bedobbe under syn eigen fyts, gjin pet, ien klomp, knibbels ut de bokse, jas heal oer de kop strupt en bloed oan beide hannen.

Ik waard kjel en bang wat ik mei myn hoepelstokje yn in heale minuut utfretten hie, mar oan de oare kant ek wol in bytsje bliid – ik hie ommers de eare fan myn Pake bewarre net, no derom. Ik pakte Easger’s pet op en soalde dy yn’t brannettel bosk – sa hie de giele klompe ek selskip.

Easger hat der in skoftsje tusken stien en stiel lein te klijen, mar ik stapte foldien de dyk  op wer’t Hindrik, Frans en Gjalt mei de hoepels yn’e han al op my stienen te wachtsjen en helle myn eigen hoepel ek ut Rinse’s hage. “O, god jonge dit koe ek net gekker wol, dit wurd jun in goed wan op’e bealch fan Wiemer”, sei Hindrik. Gjalt en Frans smieten ek noch in pear jirpels yn’e panne mei:” Okke, us Wopke sil him jun dealaitsje jonge hear, hy hat dy Easger ek noait lije mocht” en “ de lampe sil by jim jun wol nuver oer de tafel sweve as Wiemer dy by de kladden krijt”. Myn kammeraten hienen wol troch wat my der op it Skeanpaad stie te wachtsjen.

 

Ear’t wy wer mei de hoepels op’e gong soenen, kuiere Rinse Tinga fan’t hiem of  en Lou smit ( Wijma ) dukte under in hynder wei dy’t er mei oan it beslaan wie en beide mannen seagen de dyk del wer Easger wer oerein stinde. Rinse frege fuort al, “ Okke du hast hjir in nuvere fyt uthelle jonge, Wiemer sil jun wol in min sin ha tinkt my”. Lou wie ek net sa lokkich mei wat ik dien hie, “ moast it sa raar, dit rint alle spuigatten ut en om soks tsjin in ald man te dwaan hie ik wier net fan dy ferwachte , dy alde stakker hie der wol dea falle kint Okke”. Ik wie noch sa lilk as wat en moast my ynhalde want ik hie wol respekt foar dy alde mannen der op’e dyk en flokte ek noait tsjin Rinse en Lou.  want it wienen tsjerkse lju – Lou siet yn’t fjouwerkant fan de Herfoarme tsjerke en Rinse stapte der eltse Snein   ek trou hinne mei syn Tryntsje. Tryntsje siet altiten tusken de aldere froujlu yn’t tsjerke mar Rinse sie altiten op’e kreake, mei in protsje Sumarre boeren en der waarde faak mear oer fee en de Ljouwerter merke praat dan nei de preek fan Ds. de Vries lustere. Ik hearde dy ferhalen wol en ek harren snoarkjen ek as de preek wat langtrieddich wie, wylst ik it tsjerkeoargel pompte foar Koos fan Jasper Beits ( Huisman).

 

Der komt noch mear nei dit ferhaaal.

Ik tocht ik stjur dit earst mar en wat tinkst der fan – liket it wat of is’t yn’e war.

It Frysk skriuwen falt my net mei, want ik ha it ek nea leart op skoalle leave.

Skow my de skoat fol mei krityk en dat wit ik ek krekt wert ik bin Klas.

Tuut fan Gurbe Griemstra". 

                                























Okke 15-9-2014

"Moarn Sytie,
Ik ha al jierren Baukje's 
(Baukje Wytsma, skriuwster) wurk bewunder en hja hat my ek 2 bondels jun yn 2000 doe ik by har oan west ha yn Reduzem.

Ik wie gewoan wei fan dyn skitterende en sa tapaslike tekeningen by de gedichten - hiel moai dien Nina - se sil it nog fier skoppe mei dat talint fan har - hiel unyk by sa'n bondel.
Jawis Baukje har beppe Hendrikje Hoeksma wie in suster fan myn beppe Richtje, har pake Lolke Wytsma is ris in kear mei syn frachtwein by de trein opbotst tusken Reduzem en Idaard mar krekt net swier ferwun.
Baukje is ien fan de beste wurde smitten fan har tiid neffens my.
Ik soe ferline jier ek by har oan mar der is niks fan kaam miskien nog ris in oare kear - wer weisz ?"




Okke 15-9-2014

"Froeger hienen myn pake en beppe Okke Tysses Jansma en Richtje Douma ( Ynskreaun as – 'de buiten echtelijke dochter van Antje Wierds Douma en door Jacob Wiemers Hoeksma niet erkende Dochter').
Beppe wie in echte Hoeksma yn har antlit en dy stakker hat har hiele libben der tsjin stribbele want se skriuwde har sels ek wol ris Hoeksma.
Pake Japik is letter trouwt mei Antje Wierds Douma en Oebele, Wiemer ( us heit is nei him neamd), Wierd en Hendrikje wienen de bern ut dat houlik
Hindrikje trouwde letter mei Lolke Wytsma en der komt Baukje Wytsma – de skriuwer en dichter ek wer ut wei.
Oebele en Wierd binne nea trouwt en Oebele is ticht by it gref begroeven fan Rigtje Annes Douma, en Oebele hat nea in stien krigen – ferskriklik eins hear". 


    

Okke 9-11-2014

"Wat in ferrassing fa’n moarn – in jierdei winsk fan in trouwe alde freon Willem, de soan fan Jelke Wouda de molkerider fan de Lange Wyk, dyt my sa’n 74 –76 jier lyn altiten sa moai by myn lyts liifke pakte en sa heech troch de loft swaaide en myn njonken syn heit under kappe fan de molkwein del sette liet.
Wat in leave man dy Willem – it wie ek in held ut myn jonge jierren – ik wie 10/11 jier en Willem wie de menniste tsjinst wegerer.
Nuver dat ik doe al sokke sterke mieningen hie oer tsjinst ensa – der tankje ik us heit wol foar en master Durk van der Duim ek want dy hie my doe ek al de Max Havelaar leze litten.
 
Jelke mei syn restige stimme – der wiest al wer lytse Okke en heal bedobbe my dan under de hynste tekken en de grutte vos klipklopte ek restig troch nei de Malewei ta yn Eastermar wert beppe Rixt mei de hannen yn de siden en de tommen altiten nei foaren wer op my stie te wachtsjen.
Wer ut fan hus by myn leave Pake Okke en Beppe Rixt op de pleats – De Lytse Hoarnst tsjin de Leyen oan.
In doarke ut in fier ferline wer efkes iepen dien en ek mar gau wer ticht dien – it wie en is nog emoasjeneel foar my.
Ik woe dit dochs efkes mei dy diele leave.
Safolle meispilers foar ieuwig swijend mar dochs net dea – se libje ommers nog fuort yn myn oantinkens".


Okke 6-9-2015

"Moai dat der nog in S. Jansma op de Yntzeloane yn Mildam wennet. Dit moat numer 9 weze en as dat sa is dan is dat Sybren fan Fokke en Sjaan en de beppe sizzer fan Antje Okkes Jansma, de aldste dochter fan Okke Tysses Jansma en Rigtje Douma. Sybren is dus myn achterneef.


Okke 8-9-2015 (over de kleinzoon van de oudste dochter Antje Jansma)

"Fokke wie ek ien fan de earste KI mannen yn Frieslan en mei Eize Reitsma en Gerben Leenstra ha hie wat kij ynseminearre fan 1947 of op harren moterfytskes. Fokke en frou Sjaan wennen doe yn Balk njonken de grutte pleats fan Bosma en letter yn it Wergeaster Leechlan as masjinist op it poldergemaal wert hij sels ek berne wie en wert syn mem Antje Okke gek yn de holle waard der op de romte en stilte en nij Frentsjer brocht en der 2 jier letter yn Groot Lankum stoarn is – totaal gek yn de holle wie dy stakker.
In klap wert har aldste broer Tijs Okkes ( 1899) ek nea wer oerhinne kaam en swerver wurden – in ynleave man, mocht sa graag drank, koe skitterend mondorgel spylje, sjonge en ferhalen fertelle.
Hij wenne yn in ald hok yn de Hondensteeg yn Drachten doe ik op de HBS siet en sa faak mei him en by him sitten – in stapel alde sekken foar in bed en tekkens. Dochs leaf en oandachtig. Ik tink dat Syn omke Tjitze ek sa wie want Tieske sei wol ris – ik kin de wrald net oan Okke en it sit yn’t bloed leave jong – hehe ik de trienen fergeemje wer yn de eagen en in tryst falt my wer oer de skouders as ik oan myn omke Ties tink.
Yn 1966, hij siet doe oan de Langewyk by de Rotfalle, yn in hok by in cafe en wie Eastermar ta fyts en yn de kroeg en sa letter ut de kroeg stapt en tsjin in foarby ridende auto oan en fuort kroandea fansels.
Tieske is begroeven boppe syn heit en mem op it tsjerkhof op it Heechsan. Der lizze Tjitze en Taabke ek Catharina en Jan van der Kooy ek". 


De oudste zoon van Tjitse Okkes Jansma en Taabke van Dekken werd niet eens een jaar..


 




















Kinderen Okke en Rixt en hun beroep, huwelijk en kinderen:

1. Antje Okkes Jansma, 1893, overleed met 37 jaar. Zoon Fokke Jansma;

2. Frietzen Okkes Jansma, 1896. Aangeduid als eerst evangelische, later als NH dienstbode. Ze trouwde met Libbe Veenstra uit Drachten (typograaf). 

3. Catharina Jansma. Dienstbode in Surhuisterveen op 4-12-1918 tot 10 oktober, genoemd 'ambtsongeschikt'(bron allefriezen.nl)


Gedaagde Catharina Jansma leeftijd 27 jaar, wonende te Opeinde (Smallingerland)

Diversen: huisvrouw van Jan van der Kooij. Gedaagd voor minshandeling (allefriezen.nl, 1925).

Sijtie: 26-3-2020: Volgens de Taeke Keulen - die de stamboom Okke van der Kooi onderzoekt - had Catharina een dochtertje voor haar huwelijk: Sjoukje (23-01-1917 Eastermar). Kleine Sjoukje is opgegroeid bij haar grootouders Okke Jansma en Rixt Douma terwijl ze al 8 kinderen hadden. Rixt, zelf ook een kind wiens vader haar niet erkende, was ook bevriend geweest met haar nichtje Richtje. Er is een hoofdstuk geschreven over Richtje en het drama in Eastermar. Nichtje Richtje kreeg een dochtertje Rimkje, en ze verdronk zichzelf omdat de boerenzoon van Algra, het kind niet wilde erkennen. Richtje was toen 17 jaar en haar dochtertje een paar maand oud. Nicht Rixt Douma moet waarschijnlijk bij de zwangerschap van haar dochter Catharina sterk aan haar moeder en nichtje hebben gedacht. Kleine Sjoukje groeide dus op bij pake Okke en beppe Rixt. En toch vertelde de stamboom onderzoeker, wist de familie van niets. Okke is wel op de hoogte van haar bestaan en heeft deze lieve vrouw later opgezocht in De Beemster (2017). Sjoukje Jansma trouwde en vertrok met haar man, een kaasmaker bij De Tijd, naar de Beemster.Catharina was 21 jaar toen ze haar kind kreeg maar de vroedvrouw moet het kind aangeven. Catharina was een wrede vrouw. Later trouwde Catharina met Jan vd Kooi  in 1923 (kinderen: Aukje en Okke vd Kooi).

Taeke Keulen:... 'Van haar oud buurman Arie had ik inderdaad al begrepen dat het een "warber" mens was (Sjoukje Jansma, SH). Ze molk in de Beemster bij boeren, raapte aardappelen enz. ..Ik wil niet dat zo'n lief mens vergeten wordt'.  

De biologische vader van Sjoukje is bij Okke en mij bekend. Vanwege familierelaties kunnen we hier niet over schrijven. Deze vader trouwde later en kreeg nog 13 kinderen. 

4. Tijs Okkes Jansma, 1899. Boer, aanduidt als ondergeschikte boer (bron allefriezen.nl). Later aangeduidt als evengelische landbouwer, weer later als NH landbouwer

5. Jacob Okkes Jansma, 1902, trouwde met Liefke IJsselstijn. Zoon: Okke Jansma, 1928

6. Tjitze Jansma, 1905. Trouwde met Taabke van Dekken (kinderen Okke, Fokje, Kees), zie hierboven de rouwbrief. Boer, aangeduidt als ondergeschikte (bron allefriezen.nl). Eerst evangelische landbouwer, later NH veekoopman

7. Jan Okkes Jansma, 1907, trouwde Jeltje Zijlstra (kind Okke Jansma)

8. Wiemer Okkes Jansma, 1907, trouwde Bartje de Boer (kinderen Richtsje, Okke, Klaske, Trien, Anna, Mattie). Wiemer is de vader van Okke Jansma, die met mij de site beheerd. Wiemer, smidskecht, geen godsdienst (volgens allefriezen.nl).


Rixt Douma haar vader Jacob Riemers Hoeksma (1837-1904 overleden te Eastermar/Oostermeer). Eigenaar van herberg 'het Witte Paard'. 


Site van 'Wandelroute Jaarsma Nederland':

...'Eastermar/Oostermeer. Het pand was eerder herberg ‘Het Witte Paard’. Rond 1900 woonde er veekoopman Jacob Wiemers Hoeksma, een verwoed bunzingjager, die de bijnaam Japik-Mud had gekregen. Het huis werd dan ook wel ‘De Muddehoale’ (Het Bunzinghol) genoemd werd. Na een brand rond 1910 kreeg het pand een nieuwe gevel. 

..'De ouders van mijn moeder woonden in herberg Het witte paard in Oostermeer op de hoek van de Snakkerburen. De bunzinghoek, zo werd die herberg genoemd, omdat mijn vader, Japik Hoeksma als bijnaam Japik Bunzing had. Op een avond ging het er ruig aan toe in de herberg. Moeder was toen nog een meisje; zij zat bij de tafel. De jongelui werden zo agressief dat het niet mooi meer was. Vloeken en tieren en dreigen. Opeens ging de deur zomaar vanzelf open en kwam er een hele grote dikke roetzwarte hond binnen. Die liep de gelagkamer in en liep een rondje om de tafel heen. Ze waren allemaal ineens doodstil. Toen ging de hond ook weer vanzelf weg. Moeder heeft het vaak verteld. Ze zat er zelf bij. Die hond, dat moet de duivel geweest zijn..'. (Frietsen Jansma, Drachten, 26 mei 1973) 


Mijn broer vertelde: “Toen twee broers, Atse en Wander Veltman, allebei timmerman in Oostermeer, eens op een avond thuiskwamen, zei de een tegen de ander: “Kijk, de herberg staat in brand.” Hij zag mensen druk bezig om er nog allerlei spullen uit te halen. Maar het was niet zo. Ze liepen er heen, maar er was helemaal geen brand. Later is de herberg verbrand. Dat is ongeveer 80 jaar geleden; ik was toen nog een kleine jongen. (Jurjen van der Meer, Zwaagwesteinde, 1 september 1979) 

In Oostermeer woonde vroeger een oude vrouw. Ze heette Frytsen. Ze was met de helm geboren. Om twaalf uur ’s nachts moest ze opstaan en dan zag ze dingen die een ander niet kon zien. En het kwam later altijd precies zo uit als zij het van te voren had gezien. Zo zag ze eens de herberg ‘Het witte peerd’ op de hoek van de Snakkerburen in lichterlaaie staan. De week daarop brandde de herberg af. Ze kwam ook eens bij de potten- en pannenwinkel [van aardewerk] van Rikele Pot. “Binnen twee dagen gebeurt hier iets ergs”, zei ze. De volgende dag brak een plank in de winkel en vielen veel potten en pannen kapot. (Roel van der Brug, Oostermeer, 6 september 1950) Mensen die met de helm, een vlies over het hoofd, zijn geboren hebben een bijzondere gave; ze kunnen in de toekomst kijken. Door de helm te begraven of te verbranden wordt deze gave voorkomen. Bij ouders bestond de angst dat de dokter of de vroedvrouw de helm zou meenemen om te verkopen aan een soldaat die dan kogelvrij was, of een zeeman die dan het weer kon voorspellen.

Tjitse Jansma wordt ook genoemd in Wandelroute Jaarsma Nederland: 

Oude Hinse (Hinse Johannes de Boer van het Zwartveen) werd eens bij een boer in Kooten gehaald, want zij konden het kalf niet uit de koe krijgen. Hinse werd door de boer in een rijtuig gehaald. Het lukte hem met de koe. Het was een mooi kalf. Toen bracht de boer Hinse weer naar huis. Onderweg in Oostermeer bij de boerderij, waar nu het huis van Tjitse Jansma staat, - naast de hervormde pastorie - zei Hinse: “Hier staat ook een koe, die wil kalven, maar het gaat allemaal goed.” Op de terugreis dacht de Kootster boer: “Nu wil ik wel eens weten of dat zo is.” Hij ging bij de Hoogzandster boer langs en vroeg. En warempel, het was zo, er was net een kalf geboren'... 


Okke 6-4-2020

Hoi Leave,

Ja it wienen hurde en minne tiden en ek de minsken hienen ek net folle underwiis han.

Boppedat in protte alcohol gebruk ek en dat hat fest en seker ek it gefolg han dat in protte popkes mei fetal alcohol syndrome berne binne. Dat is hjir in hiel grut probleem under de aborigines.

Ik ha ek wol ris tocht dat dit yn us famylje bart is want der siet ek nog al wat kroegje folk tusken en foaral ek feekeaplju he – wa wit. De Harkema en de Westreen stienen bekind foar messelukers ensf. en wy hienen ek allegearre in mes yn de buse ( Herder von Solingen_ en wy seiden ek wol ris ( mar mienden it net hear) – oppasse buke want oars si’k dyn ribkes efkes jokje mei myn Herderke – dat betsjutte dan ek ien yn de ribben stekke fansels.

Wy hienen sokke ofwaaide praat wol heard fan grutte minsken.

Ja, hiest ek de grutte moard fan Ije Wiekstra yn 1929 by Doezum wer hij doe 4 plysjes deaskeat en letter syn kameraat Durk Tabak fermoarde letter ek ien yn Drachten.

Us heit koe dat folk allegearre wol en syn broer Thys spile mondharmonika wol ris mei Ije en Durk as dans muzyk op de kroeg “ Het Jachtveld” oan de Lange Wyk under de Rotfalle en heit dunse der doe ek as jongfeint.

Ik ha letter as jonge ek wol mei te fytsen west en ek by folk oan dyt dat el allegearre fan ticht by underfun hie. Dan songen se ek dy alde lieten oer moardnerij ensf. mei dy moai, saneamde heidedraaien yn de melodie en der wie ek altiten ien dyt in 2de stim ek prachtige meisjonge koe en de harmonie ferjit ik ek noait wer want der guon by dyt perfect pitch hienen. Dat hie my Beppe Rixt ek en dy koe ek samar 2 de stim meisjonge emi us skoalle ferskes.

Ik tink dat alles ek sawat by it libben heard Sytie – de dramas bliuwe en feroarje in bytsje yn foarm miskien.

Tuut,
Okke. 


Okke, 11-4-2020 Sa Wienen de Tiden Doe - It Moaie Wurd Moaier mei de Jierren.

Hoi Sytie,

Heit hie in skrift wert hij in hiele soad ferskes ynskreaun hie en de wise ek en leinen der losse felsjes yn dyt drukt wienen mei alde moard en ellende lieten.

Heit hat dat doe oan us Rixt jun en wert dat bedarre is wit ik ek net.

Ik ha jierren lyn ek ferskate boarnen neisocht mar bin net sa fier kommen, Dam Jaarsma ut Eastermar wie ien fan de grutste samlers fan folksferhalen ensa yn Ned. mar hat , foar safier ik wit, net folle dien mei leiten /ferskes – It Meertens Instuut hat syn spul en no ek yn Fryslan leauw’k.

It wie ek sa , sa is my ferteld alteast, dat as der in drama sa as in fersupen , moardnerij west wie dan makken minsken der in soarte gedicht fan en dan die ien der in wize fan in bekend liet by en dan songen de minsken it dan.

Mei guon gong der ek wol ris ien mei sa’n liet nei in lytse drukkerij en liet der felsjes fan drukke, altiten yn in Ned. fansels en derby de skriuwer fan de wize of de namme fan it liet.

De dichter(es) skriuwer fan dat liet gie dan by de streek lans en ferkocht sa’n liet bledsje foar in botsen of in stoer.

Wa wir hoefolle lieten sa skreaun en ferkocht binne.
Der wienen froeger ek ferskes dyt songen waarden troch minsken as se ferskillende dingen dienen sa as teskjen mei flayels en mei fredings pealtsjes yn de grun slaan of dikke iken stobben spjolte mei kyljes en grutte bilen sa as dat alde wylde Tsjerk van der Veen dat ek die en wert ik myn earste leafde fan hout ek krigen ha.

Grutte ploegen bern en bazen kamen sa ek ut de Harkema , Droegekam ensf. wei om fjliden te wjurdzjen fan myn oer-oerpake Okke Thysses en dan ek ek de hiele dei under wurk dy alde lieten songen

Ek berneferskes sa as by fluitsje meitsjen fan koetse kraal tuokjes yn de Maitiid as it beame sop wer begun te streamen en de bast dan ek maklik los te meitsjen wie.

Myn beppe Rixt learde my tn 1947 ek in ferske doe ik in fluitsje ( hippert) makke fan in koetsekraal toukje en wylst ik warber wie song beppe – hippert , hippert , hipe , hoenear silstu lipe. Yn Maaie , yn Maaie as alle fugels kraaie ensf. ensf.

Ik ek meisjonge fansels en beppe der fuort by mei de 2de stimme – in unferjitlik moai momint.

Us heit en ek net ien fan de famylje hie dat liet oait heard.

Nuver mar yn 1995 ha Klas en Diet my op myn 59 ste jierdei yn Burgum in boek jun – “ De Ham – In Doarp Op’e Sanen “ fan Jan Dotinga en ferhip der stie dat ferske op p.119 en Jan sei ek dat dit in hiel ald sankje wie.

Op p.120 fan itselde boek stie ek nog in liet dat ik ek nog herinnerje koe en dat Tsjerk en Tjitske van der Veen my leart hienen yn 1948 doe ik nog op de legere skoalle siet en in moard ferske fan in jonge dyt syn famm swier makke hie en har oan de kant fan rivier dea stutsen hie – Een jongeling van achttien jaren – ik song dat ferske ek en heit sei gfd. wer hast dat ferske leard .

Ik sei fan wylde Tsjerk en Tsjits – kloppet sei heit want der ha’k it ek foar it earst heard by harren yn hus oan Heidbuurts loane tichtby wert pake en beppe die wennen. Och wat ha dy 2 aldsjes my in protte ferhalen ferteld net te beskriuwen wat dy meimakke ha en nea harren minsklikens ferlern – ruch yn de mule, ek wat oan de smoarge kant mar leaf altiten leaf en geduldig.

Wat wie ik dochs lokkig dat ik dy meimeitsje koe op myn skoalle hiem en dyt fan 1913 – 1920 njonken myn pake Okke en beppe Rixt wenne hienen en wer myn beppe ek wol west hie te poppe heinen en , neffens us heit, in Jezus poppe krigen hienen – Tsjits hie de poppe krigen yn in bed fan strie dat yn in hoeke op de flier lei !!!!!

Hjir binne ek nog on pear ferskes dyt ik foar dy hjir oanheake ha.

Ik ha se alle trije en mei ferskate oare lieten tige faak songen en ek ik Vrouwtje van Stavoren , en ik koe doe ek alle 14 ? coupletten ut de holle.

Nei it iten songen wy hiel faak jun yn it tsjuster dy alde ferskes as wy mei mekoar om de tafel sieten – dat wie it ek frede yn de keet.

Oarsom wie it oarloch en raboelje en best fergetten.

Sa , wer in stikje fan my ofskreaun Sytie – alles mealt my bytiden troch de kop – in boek skriuw soe in utwei bestjutte kinne miskien.

Tuut en krup,

Okke.

  




























4-5-2020 Hoi Okke,

Bedankt foar dyn ferhael.. moaij. De ferskes bin net werom te fynen, it giet ferlen yn de tiid.. Ast een ferske as ‘yn maaije as alle fûgels kraaije’dan krijst as suggestie; maaije is email. Sa rekket it fuort en net ien dy skruwt hjir oer, wylst sjongen se wichtich wie yn de gezinnen. Ik herinnerje dat myn beppe Jantsje Jansma sjongde en ek yn de bernskens sjongde se folle. Ik wit net wat se sjongde mar der siet ek folle religieus spul bij. Hie ik doe mar it besef hawn wat se sjongde, mar ja 12 doet se wei rekke.

 

Ik ha wol it boekje ‘Fryslan sjongt’ en der stiet de ‘lanferhúserssang’yn fan Tjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906) , de efterneef fan myn beppe. Harren pakes wienen de broers Jelmer en Geert. It lanferhúzerssang is makke op een Flaamse folkswize.

 

Wiki: Tsjibbe Gearts kan worden gekarakteriseerd als een romanticus, wat naïef, met een speelse geest. Zijn stukjes neigen naar het groteske en hebben grote verering voor de adel. Politiek stond hij het dichtst bij het liberalisme en neigde naar de Verlichting. Graag dreef hij de spot met de benauwende ortodoxie. Dat hij geen alledaags persoon was blijkt uit een van de vele anekdotes over hem: Ver voor zijn dood bestelde hij reeds zijn doodskist. Tjibbe lag meer dan eens in deze kist. In de kist was een glas gemaakt, wat in die tijd nog niet gebruikelijk was. Dorpsgenoten dreven er de spot mee, het zou wel zijn omdat Tjibbe Geerts na zijn dood uit het raampje wilde kijken.[3] In 1881 maakte hij een reis naar de Verenigde Staten en schreef daarvan een uitvoerig verslag. Naast de evergreen Lânforhuzerssang schreef hij er een van zijn bekendste gedichten over: It lân fan dream en winsken.[4]


Okke, 11-4-2020

Hoi Sijtie,

Moatst dizze lieten fan de CD mar ris neisjen en de moard troch Berend Kielstra yn 1905 is wol nijsgjirrich en de Jan Buuts yn Ljouwert ek nijsgjirrich.

Yn it Meerten Instituut binne wol 1000 den alde lieten te finen en der sitte fest ek wol wat Fryske lieten tusken tink.

 8 CD 8 vier laffe moordenaars 8 - Onder de Groene Lindewww.onderdegroenelinde.nl › pictures › ODGLhoo...

Jan Buuts - Museum Blokhuispoortwww.blokhuispoort.nl › home › jan-buuts

 Bliuw sun en oerein.

Tuut,

Okke. 


...'De liederen op deze cd gaan over moord. Veel ervan zijn typische straatliederen, die werden gedicht naar aanleiding van een moord of een andere sensationele gebeurtenis, op losse blaadjes gedrukt en als nieuwsfeit aan de man gebracht door marktzangers. Zij posteerden zich op de markt of een andere plaats waar veel volk kwam, en zongen de liederen met luide stem, zodat iedereen het kon horen. Vaak wezen ze daarbij taferelen uit het drama aan op een ‘schilderij’, een beschilderde lap textiel. De mensen die de liedbladen kochten leerden de liederen al zingend uit hun hoofd'... (bron: de vier laffe moordenaars) . Ook te lezen in het Engels. 

…’Moorden hebben in alle eeuwen sterk tot de verbeelding der mensen gesproken. Het is daarom te begrijpen dat de straatzanger en zwerver er zich sterk toe aangetrokken voelde. Op de kermissen kon hij met een bloederig vers over moord of doodslag de aandacht van de toeschouwers trekken. En dat was nodig want hij moest concurreren tegen clowns, de potsenmakers en kiezentrekkers, die eveneens op de markt stonden’…(bron: Jan Buuts, blokhuispoort, zie bovenstaande link)